Nije roman Sipke de Schiffart

Sjappy is de nije roman fan Sipke de Schiffart , in mânsk boek dêr’t neat te mâl yn is foar Jappy Heslinga fan Hitsum.

Elk minske komt yn syn libben betiid of let it needlot tsjin. De ien kriget in hertoanfal as er yn de sechtich is, in oar kanker as er yn de santich is en wer in oar in harsenblieding as er yn de tachtich is. Jappy Heslinga moetet it needlot wol o sa betiid: hy kriget te min soerstof by de berte. It gefolch is dat er net meikomme kin op skoalle, dat er net geskikt is foar it arbeidsproses en – it slimste fan alles – dat er net oantreklik is foar jonge froulju. Nettsjinsteande alle swierrichheden besiket er wat fan it libben te meitsjen. En dat slagget him aardich, benammen trochdat der ien ding is dat er wûnderlik genôch hiel goed kin en dat is neitinke. Syn gedachten binne lykwols net altyd like ferheven.

De roman, útbrocht by Hispel, is te keap foar €25,-

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *