De kursus poëzy skriuwen dy’t Dichterskollektyf RIXT yn ’e mande mei Tresoar opsetten hat is juster úteinset yn Neushoorn, mei as earste lesjouwer Kate Schlingemann. Der binne mear kursisten as ferwachte, mei’t de nije lokaasje dêr de feilige romte foar joech!

Alle lesjouwers hawwe twa jûnen ta har foldwaan om harren ûnderwerpen te behanneljen. Dat is drekst de bedoeling fan ’e kursus, om ferskate ynfalshoeken, ûnderwerpen en perspektiven oan bod komme te litten. It bliuwt sa net by ien poëtika fan ’e lesjouwer en sa bringt elk syn eigen wize fan lesjaan en ekspertize yn de kursus. Sa gie Schlingemann yn de earste jûnen yn op dat wat foarôfgiet oan it skriuwen: de motivaasje, de trigger, de start fan it kreative proses.

Edwin de Groot sil nei Schlingemann yngean op it aspekt fan ’e ferbylding troch it brûken fan byldspraak (metafoar en ferliking). Dien L. de Boer buorket dêrop fierder troch de metafoar, it byld, de ferliking fierder út te wurkjen op it nivo fan it wurd. Geart Tigchelaar giet as ien nei lêste lesjouwer yn op ferskate foarmen fan poëzy, en dan benammen op fisuele poëzy as lyts útstapke om it begryp poëzy op te rekken. Tryntsje van der Veer wurket yn ien jûn mei de kursisten oan de performance, de foardracht, de diksje foar in einoptreden dêr’t de kursisten de gelegenheid krije om harren wurk te presintearjen.

