Poëzykursus foar en mei RIXT-dichters by Tresoar

Dizze hjerst sette der meardere kursussen útein by Tresoar, en wy binne tige wiis dat dêr ek de earste poëzykursus organisearre wurdt troch Dichterskollektyf RIXT!

De poëzykurus is opset nei oanlieding fan de fraach en winsken by it Dichterskollektyf RIXT en sil it ferskaat fan poëzy beljochtsje. Dêrom is der ek net keazen foar ien kuruslieder, mar fiif. Dat binne Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer.

Dy fiif betûfte RIXT-dichters sille ferskate ûnderwerpen oansnije, lykas poëtyske eleminten, metafoaren, klisjees, fisuele poëzy en foardracht.

De kursus wurdt holden yn de mande mei Tresoar fan ein septimber oant ein novimber. Troch koroana is der in maksimum fan dielnimmers steld en is de kursus dêrtroch folslein beset mei RIXT-dichters.

Eardere kursus, FeRsefariaasje, by Tresoar. Foto: Tresoar

Yn de hjerst binne teffens oare kursussen by Tresoar.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *