Wa binn' myn maten op dy wylde feart?
Wa binn' mei mij, dy't wyn noch romte keart?
Posted on
Rigel fan Rink [dei 4]
Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.
Tialda Hoogeveen en Carla van der Zwaag oan it wurk op it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar
Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân om it groeien fan it gedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat, te folgjen. Tialda is earst even oan de line, mar fanwegen in minne ferbining is se echt te hearren om 15:46 oere en Carla draacht it fers foar om 15:48 oere.
Tialda Hoogeveen ferkent it petgat. Foto Geart Tigchelaar