Ut alve ynstjoerings dy’t ús oprop foar de Fyftjin FF’en fan Frijheid opsmiet, hat de redaksje fan RIXT fiif gedichten selektearre. Dy publisearje wy de kommende dagen op ús webside. Ien gedicht is bekroand. Dat ferskynt op 5 maaie. As beleanning krijt dy dichter de bondel Arbolarium.
De mânske blomlêzing Arbolarium is in Kolombiaanske blomlêzing fan 148 dichters, fan 78 lannen oer fiif kontininten, fandêr de ûndertitel De los cinco continentes. Geart Tigchelaar is ien fan de dichters dy’t yn dizze blomlêzing opnommen is.
As earste gedicht yn it ramt fan Fyftjin FF’en fan Frijheid ‘frou yn byld’ fan Marije Roorda
frou yn byld dêr stiet se sûnder klean en argeleas op in sokkel yn ’e fiver fan de Prinsetún har bleat te jaan oan waar en wyn kjeld noch rein deart har de lea net har brûnzen hûd keart tearen fan de tiid fearkrêftich bliuwt har hâlding ree foar de sprong oer it alledeiske om har hinne en har befrijd fan morele twang en tonge se brekt it wetter mei it liif trochskinend is har kriich dy’t fierder as de fiver rikt