Yn memoriam Fernando Ricksen

Foarige wike ferstoar fuotballer en âld-ynternational Fernando Ricksen. Dichter en fuotbalfolger Syds Wiersma skreau in yn memoriam. Ricksen hie de spiersykte ALS en stride dêr jierrenlang tsjin. Hy begûn syn karriêre by de jeugd fan Fortuna Sittard en spile dêrnei foar AZ, Glasgow Rangers en Zenit Sint-Petersburch. Op it fjild gie Ricksen altyd foarop yn ‘e striid. Bûten it fjild libbe er like rûch; froulju, drank, dope. Hy kickte ôf en waard yn Glasgow, dêr’t er it lêste part fan syn libben mei frou en dochter wenne, altyd op hannen droegen. Ricksen hie de hoop dat as er trochsride soe, hy de earste wêze koe dy’t ALS oerwûn. Fan ‘e middei yn Glasgow is syn útfeart. De roustoet begjint by Ibrox, it stadion fan de Rangers.

Yn memoriam Fernando Ricksen

Fernando Ricksen mei de brike kicksen
tsjin Disfortuna en de wrede sloop
fan ALS. In strider nei de bliksem
in rjochterback dy’t wûn fan drank en dope.

Hy nimt de ôftraap by syn lêste pot,
in earehaach, foar 't lêst forever Ranger
op Ibrox’ hannen droegen, in warrior god
in moaiboy op 'e flank, our dutchy danger.

Fernando Ricksen op 'e middenstip
in tikje op De Boer, de fans mar sjonge
stap-stap, dan teart er as in dronken skip
yn ûnmacht op 'e rêch. Och earme jonge.

Se drage him as ingels op ‘e wjokken
de timpel rûn, it widzjend lok fan deaklokken.

© Syds Wiersma


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *