Boeksimmerboek 21 juny yn Drachten

Jo binne fan herte útnûge foar BoekSimmerBoek, op 21 juny fan 20:00 oere ôf yn kafee Marktzicht yn Drachten. Dizze jûn wurde der seis koarte ferhalen foardroegen, troch Ferdinand de Jong, Elske Schotanus, Nyk de Vries, Anita Terpstra en Geert Nauta, de sechsde sil wêze fan de lêzer dy’t de ferhalewedstryd wint, dy’t spesjaal foar dit feest útskreaun is. Fierder gjin drege praterij en offisjelichheden.

Der is in noflik stikje muzyk by, bier, hapkes en kuiergongen. Wy ha
sawol de ûnder- as boppeferdjipping fan it kafee ta ús beskikking, dat as jim efke rêstich sitte wolle, kin dat boppe ek.
Wy soene it hartstikke moai fine as wy jim as skriuwers en útjouwers dêr op dizze jûn treffe en mei elkoar de simmer tadrinke kinne.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *