de wachter

De wachter is in sonnet dat Henk Nijp skreaun hat nei oanlieding fan it feit dat multi-keunstner en lânskipsskilder ‘út needsaak’ Jentsje Popma in skoft lyn al syn wurken en materialen oerdie oan stichting Nij Kleaster yn Jorwert. Hy hat sympaty foar de útgongspunten fan dy stichting en fûn dat it dêr goed te plak wie.
Jentsje is noch like begien mei it lânskip as eartiids, en sjocht skaalfergrutting, de produksje en de jacht op it grutte jild as it kwea dat de delgong fan it lânskip feroarsaket. Dat woe hy yn syn wurk sjen litte en as warskôging ‘hearre’ litte.

Dêrom …

 

de wachter

de wachter fan it lânskip knypt heal de eagen,
dikeret oer sleatten en ikkers mei âlde attinsje
it giel fan syn koalsied wâlet yn weagen
hy beskôget de seedyk as de grins nei in oare diminsje

heech op ‘e dykstreppen lêst hy de loften
heart noch de froasken mei lûd fan ’t ferline
ferhellet fan skriezen en ljippen yn ûnbidige kloften
hunet it gas en it sâlt dy’t liede ta it grutte ferdwinen

syn ‘Ode aan de schepping’ is noch inkeld in print op papier
troch achteleazens fertoarkje syn wurken
wat bewarre bleau is mar in fraksje fan wat der earst wie

syn muze, dy‘t hy stadich yn dizen ferlear,
hat him frege har dochs gau te folgjen op har flecht nei it ljocht
hoe graach soe hy wolle mar hy is hjir lang noch net klear…

© Henk Nijp

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *