Lara Kool is dichter fan de moanne Septimber by RIXT.
“Ik wol graach myn gedicht ‘Asjebleaft’ yn it moanneljocht sette. It set myn moannegedicht ‘Sels net foar dy’ yn perspektyf. Se hearre in bytsje byinoar. Dit gedicht is noch altyd ien fan myn leafste gedichten, omdat it sa ticht by my stiet. Omdat it yn sa min mooglik wurden, alles seit. Foar my.
It is wichtich in stim te jaan oan minsken dy’t sels gjin stim (mear) hawwe. Ik tink dat dat in belangyk diel is fan poëzy. Te sizzen wat sein wurde moat.
Dit gedicht komt uit het diepste, verste, meest dichte deel van mij. Dit deel van mij is het meest gedicht. Alleen door er open over de schrijven kan het gat gedicht worden. Misschien.
Ek lit it in bytsje myn ûntwikkeling as dichter sjen. Dit wie it earste gedicht fan my dat publisearre waard. Ut de tiid doe’t ik alles noch netsjes mei haadletters skreau en in protte rym brûkte. En yn myn tekst in soad rezjy-oanwizingen foar de lêzer efterliet. It is moai om werom te sjen.”
Asjebleaft
Krekt troud
in nestke boud
fielde dyn siel yn my
Dan krampen,
bloed… en dy
it is foargoed foarby
SLACH yn myn búk
TRAAP yn myn búk
in foet en noch in fûst
Fertel my dochs
do fieldest it net
hast der trochhinne koest