simmerkermis op de hommerts

Neat bringt in aha-erlebnis as in skilderij: hea, sjocht it der wier sa út? As it wurk—fan Johan Haanstra; yn it atelier makke—in plaknamme krijt, fiteret dat ekstra oan ta ferlykjen. En hifkjen. It Fryske buordoarpke? Mar de arbitrêre kleuren binne lang net natuerlik foar it ôfbylde lân en it tsjerkje is hielendal ferfoarme. It palet is urgint, de foarmen ekspressyf, de ritmes net rjocht harmoanysk. Alles botst en it libben komt yn ’e bekniping.
Eppie Dam is yn oktober gastdichter foar RIXT.

Johan Haanstra, ‘Hommerts’, 1979, oaljeferve op linnen, 50 x 40 sm, mei tank oan Ina Hogen Esch. Foto: Arend Loerts.

 

simmerkermis op de hommerts

mei jutryp noch fier fan de kealslach

de simmer tennist yn in rokje
en feecht it fearreplomke
fan in sûkerspûne dei
luchtich oer de hommerts

âld sinne hat nei goed gebrûk
har oaljekoek fol fruchten bakt
en telde sels de brommels nei
de krinten en rezinen
it rotsen nogablok fol swiet
dêr’t út gods glêzen bol wei sjoen
noch noait in stien yn siet

jutryp dûnset op ’e trampoline
en klompeleas lichtfuottich
nimt de lêste sompeflinter
har ballet fan âlde kleuren mei
de koprol oan it kessen weage
en noch de eagen frij fan pine
om toarre greiden read as jarre

© Eppie Dam

Dit fers ferskynt yn 2019 yn de bondel omstreken by Utjouwer DeRyp, Blauhús

 

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *