De Moanne: Kariljonpoëzij mei flearmûzen en pizzakoeriers

Spesjaal foar dizze jûn skreaunen fiif Fryske komponisten en fiif dichters fan it kollektyf RIXT nij wurk foar dizze útfiering. Inisjatyfnimmer Feike van der Zee makke sa yn gearwurking mei Henk Nijp in komposysje. Nijp skreau in fers yn fjouwer kûpletten en op alle kûpletten reagearret it kariljon. De dichters drage foar troch in iepen finster fan it stedhûs, it finster tusken de bylden dy’t Pace en Justitia foarstelle. De kariljonklanken komme net folle fierder as hûndert meter om it tuorke boppe it stedhûs hinne. It falt dan op hoefolle lûden der bûten binne: brommerkes knetterje foarby, in lint lûdroftich kâltsjende toeristen draait de hoeke om en fûgels binne blykber allegear nei de stêd tein om hjir de jûntiid te befluitsjen.

Lês fierder by Arjan Hut op de Moanne