De dichters fan RIXT lokwinskje Nyk de Vries mei syn beneaming ta de nije Dichter fan Fryslân!


Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
De dichters fan RIXT lokwinskje Nyk de Vries mei syn beneaming ta de nije Dichter fan Fryslân!

Achte hear/mefrou,
Hjirby nûgje wy jo fan herte út om oanwêzich te wêzen by de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân.
Nei it ôfskie fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân 2017-2019 en it foarlêzen fan it sjueryferslach, sil deputearre Sietske Poepjes de nije Dichter fan Fryslân offisjeel beneame. Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Explore the North en Poetry Circle Leeuwarden. De presintaasje is yn hannen fan Eva Meijering.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. De advyskommisje bestiet dit jier út Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga.
Mei freonlike groetnis,
Alex de Jager
direkteur Afûk
Tongersdei 21 novimber 2019
16:00 oere
(ynrin fan 15:30 ôf oan)
Stadskas Explore the North
Aldehouster tsjerkhôf
Ljouwert
Graach hearre wy fan jo oft jo by de beneaming oanwêzich wêze wolle.
Opjefte fia ynfo@dichterfanfryslan.nl
Hoe bringe jo it ûnbeneambere ûnder wurden? Dat is in fraach dêr’t mannich dichter har/him mei dwaande hâldt. Skriuwe oer dea en ferlies binne dêr faak mei anneks.
In tal jierren lyn skreau dichter Willem Abma ‘Requiem ta treast’ oer it ferlies fan in dierbere en it fertriet by de achterbliuwers. De dichter joech de ferstoarne in stim. Komponist Marcus Veenstra sette de fjirtich teksten op muzyk foar koar en orkest. In part fan dit requiem wurdt snein 10 novimber foar it earst útfierd yn tsjerklik sintrum De Skeakel yn Ljouwert. Yn in bewurking foar trije sjongeressen en piano.

Fierders sil Abma foardrage út syn nijste bondel ‘Ferbûn en sjoen’ (Wijdemeer, 2018). Byldzjend keunstner Albert Drijver hat him ynspirearje litten troch fersen út Abma syn bondel. Dat hat resultearre ta fjouwer skilderijen en filmyske bylden, dy’t er toane en taljochtsje sil.
Datum: snein 10 novimber 2019
Tiid: 14.30 oere
Plak: De Skeakel, Havingastate 7, Ljouwert
Tagong fergees
De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Deputearre Sietske Poepjes hat Aggie van der Meer hjoed in besite brocht om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.
Aggie van der Meer ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De advyskommisje prizet de skriuwster om har echte, minsklike ferhalen: “Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderbaarlike sit ‘m yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit. Wy sjogge der allinne mar echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sjinezen. Van der Meer krûpt yn de holle fan Roomsken, Kalvinisten, Joaden, en wy fiele mei harren allegearre mei. Hoe’t dat kin? It is troch Aggie’s sosjale, algemien minsklike pinne. Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby, en trochj har linich, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe wy folle mear fan ússels, en alle oare minsken om ús hinne”.
Aggie van der Meer
Aggie van der Meer (1927) is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se wie learares tekenjen oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Om 1970 hinne begûn se tegearre mei har man in bedriuw foar túnûntwerp en túnoanlis. Dêrneist wie Aggie van der Meer aktyf yn de fredesbeweging. Van der Meer wie al wat âlder doe’t se begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Yn it jier 2000 publisearre se har earste boek De stêd, it bist, de ingel. Dêrnei skreau se ferskate romans, poëzybondels en toanielstikken.
Nominearren
De fjouwer oare nominearren wiene Hein Jaap Hilarides mei ‘De trekker fan Troje’, Elske Schotanus mei ‘Wurk’, Nyk de Vries mei ‘Renger’ en Ale S. van Zandbergen mei ‘Famke famke’.
Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de meast wichtige literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de Gysbert Japicxpriis om de twa jier út, de iene kear foar proaza de oare kear foar poëzy. Dit jier giet it om proaza ferskynd yn de jierren 2015 oant en mei 2018. De advyskommisje bestie fan ‘t jier út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra.
De priis bestiet út in bedrach fan € 10.000 en in oarkonde.
Tekst: Provinsje Fryslân
Presentatie bundel ‘In Gedichten Verzonken’
Exact drie jaar na het overlijden van zijn vrouw Baukje presenteert Jan H. Woudstra uit Dokkum zijn debuutbundel met gedichten in de Petruskerk te Lichtaard op 28 september van 14.00-17.00 uur: ‘In Gedichten Verzonken’.
Klik hjir foar mear ynformaasje

Syds Wiersma reizget dizze simmer en takom maityd troch Ierlân. Hy krige in subsydzje fan it Nederlands Letterenfonds en brûkt dy om yn Ierlân in dichtbondel te skriuwen. Op syn facebookside pleatst er no en dan foto’s en ferhalen oer syn reis. It stikje fan earjuster waard troch de LC oppikt en stiet hjoed as opinystik yn ‘e krante.
Dien L. de Boer woont sinds 2005 in het landelijke Exmorra, na vele jaren Amsterdam. De weidsheid van het Friese gras- en waterland is terug te vinden in haar poëziedebuut ‘Niet het moment maar het nagonzen’ (Palmslag 2014).
Klik hjir foar mear ynformaasje oer Dien L. de Boer.