Requiem ta treast

Hoe bringe jo it ûnbeneambere ûnder wurden? Dat is in fraach dêr’t mannich dichter har/him mei dwaande hâldt. Skriuwe oer dea en ferlies binne dêr faak mei anneks.

In tal jierren lyn skreau dichter Willem Abma ‘Requiem ta treast’ oer it ferlies fan in dierbere en it fertriet by de achterbliuwers. De dichter joech de ferstoarne in stim. Komponist Marcus Veenstra sette de fjirtich teksten op muzyk foar koar en orkest. In part fan dit requiem wurdt snein 10 novimber foar it earst útfierd yn tsjerklik sintrum De Skeakel yn Ljouwert. Yn in bewurking foar trije sjongeressen en piano.

© Albert Drijver

Fierders sil Abma foardrage út syn nijste bondel ‘Ferbûn en sjoen’ (Wijdemeer, 2018). Byldzjend keunstner Albert Drijver hat him ynspirearje litten troch fersen út Abma syn bondel. Dat hat resultearre ta fjouwer skilderijen en filmyske bylden, dy’t er toane en taljochtsje sil.

Datum: snein 10 novimber 2019
Tiid: 14.30 oere
Plak: De Skeakel, Havingastate 7, Ljouwert
Tagong fergees

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.