Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie-festival

Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie-poëzijfestival yn Brussel. Hy sil mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op. Neist in foardracht út harren eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.


It Transpoesie-festival fynt plak fan 23 oant en mei 21 oktober mei ferskate eveneminten. It festival wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan Talen en Taaldiversiteit (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. Op dizze wize wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje.

Hâld www.transpoesie.eu en harren Facebookside yn de gaten foar mear ynformaasje.

Boekpresintaasje ‘Do draachst de leafde oan’

Op Rôze Sneon, 16 oktober, wurdt by Tresoar de twatalige blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’ presintearre. Yn de blomlêzing stean poëzy en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender, ynterseksuele (LHBTY) tematyk út ’e literatuer fan Fryslân. Der binne goed hûndert fragminten opnommen, ôfkomstich út it wurk fan goed santich skriuwers.

Dichterskollektyf RIXT komt mei It Literêr Sirkwy

Earste sirkwyjûn op 9 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten

Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Yn de Skriuwersarke op de Feanhoop wurken RIXT-dichters gear mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut en muzikant Bruno Rummler. De poëzy en muzyk dy’t dat oplevere hat, wurdt yn kafee Marktzicht presintearre.

Foar it skoft binne der optredens fan de dichters Arjan Hut, Sigrid Kingma, Edwin de Groot, Syds Wiersma, Carla van der Zwaag en Janna van der Meer. De lêste beide dichters trede op mei Bruno Rummler.

Der sil ek omtinken wêze foar de poëzy fan Tsjisse Hettema, dy’t meidwaan soe oan RIXT op ’e Arke mar hommels ferstoar yn de wike dat it projekt plakhie. By útjouwerij Frysk en Frij ferskynt ynkoarten postúm Hettema syn fjirde dichtbondel Hewwy dát. Gedichten út dy bondel sille yn Marktzicht klinke.

Nei it skoft is der in iepen poadium en sil Bruno Rummler solo optrede. Elk dy’t poëzy (eigen of fan in oar) bringe wol op it iepen poadium, is tige wolkom. Wol graach efkes opjaan by: ynfo@rixt.frl. De presintaasje fan de jûn yn Drachten is yn hannen fan Edwin de Groot.

It Literêr Sirkwy waard foar it earst yn 2005 organisearre en wie tsien jier lang in fêst poadium foar skriuwers, dichters en muzikanten. Yn dy jierren wie it in inisjatyf fan It Skriuwersboun. Dichterskollektyf RIXT hat dat stokje no oernaam en sil in tal literêre jûnen op ferskate plakken yn Fryslân organisearje. Dy nije rige wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Datum: 9 oktober 2021
Plak: Drachten, kafee Marktzicht, Aldewei 14
Tiid: 20.00 – 22.00 oere
Tagong: fergees
Wolkom ek by de neisit! Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels

Oer fytsen en hurdfytsen mei Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.

 

Oarloch en Boogiewoogie mei Hein Jaap Hilarides

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens