Febrewaris 2026

Hounspolder

Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Hounspolder’ is syn earste moannegedicht. hounspolder lêze kin ik net buordsjes fan hjir net briede sykje mar in oar plak binne oan my net bestege fleane kin ik wol en dat hiele einen yn febrewaris kom ik út afrika nei nederlân sûnder te tanken of in gehakbal …

needpakket

Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Needpakket’ is syn twaadde moannegedicht.    

Yn it moanneljocht: De takomst fan BF Nederlân

Geart Tigchelaar is dichter fan febrewaris 2026: ‘It nije kabinet is oansteande. It stimpel fan de VVD is yn it regearakkoart tige grut. It binne wer de lytse man, de natoer en de takomst dy’t ferbuolguodde wurde. De riken wurde riker op kosten fan in oar. Is der noch in takomst foar Nederlân of jouwe …

Hounspolder

Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Hounspolder’ is syn earste moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar


hounspolder

lêze kin ik net
buordsjes fan hjir net briede
sykje mar in oar plak
binne oan my net bestege

fleane kin ik wol
en dat hiele einen
yn febrewaris kom ik
út afrika nei nederlân
sûnder te tanken
of in gehakbal yn sjú

navigearje kin ik as de bêste
sûnder gps en lânskaart
nettsjinsteande al jim ljochten
bebouwing en lânhonger

briede kin ik ek
al gau in aai as fjouwer
fyn marris in plakje
foar in moai nestke

ik sei al
lêze kin ik net
dus wat in reade list is
wit ik net
dat ik dêr op stean
fernuveret my net

fernuverje kin ik dus ek
oer it feit dat jim my grutsk neame
kening fan ’e greide
botte keningsgesind binne jim oars net
it lit him riede hoe’t jim omgeane
mei bisten dy’t net fan adel binne

prate kin ik net
dichtsje dan wol wer
dus ik einigje mei rym

wat in ferskuorrende kolder
dat jim bouwe yn ’e hounspolder!

 

Harkje nei dit fers op Soundcloud

Jannewaris 2026

Net brekke

Aukje-Tjitske, stedsdichter fan Terneuzen, is moannedichter fan jannewaris 2026 by RIXT. ‘Net brekke’ is har earste moannegedicht.     Net brekke Der brekt hjir neat ik wol gjin diggels fiele lymje alle stikken dyn hert dyn fuotten dyn holle dyn eagen benammen dyn eagen Der brekt hjir neat ik wol gjin barsten hearre gjin lang …

Feroaring

Aukje-Tjitske is dichter fan de moanne Jannewaris 2026 by RIXT. Se set it gedicht ‘Feroaring’ út har bondel Geosmine (2025) yn it moanneljocht: ‘As ik it nijs folgje, krij ik gauris pikefel en langje ik nei feroaring. Dêr giet dit fers oer. Ik moast dêrby ek in bytsje oan it gedicht ‘De rop om Doede’ …

Desimber 2025

Oanspiele

Myrte Marije Veenbaas (1986) is moannedichter fan desimber en hat keazen foar in fers oer har mem dy’t yn 2025 hommels ferstoar, passend by desimber: in tsjustere moanne dêr’t loslitte en de ein yn sintraal stean.   Oanspiele Ik sette ôf yn ’e eftertún boarte sidekrûp mei in krobbe hy rûn fuort dat ik gong …

Memmerook

Myrte Marije Veenbaas is dichter fan de moanne Desimber 2025 by RIXT. Desimber is in moanne fan ôfskie: it jier is hast foarby, it tsjuster freget om weromlûken en de beammen litte har lêste bledsjes los. Noch noait hat desimber foar my swierder west as no, yn 2025: it jier dat ik ús mem ferlear. …

Novimber 2025

Fuortfage

Carla van der Zwaag is dichter fan de moanne novimber 2025 by RIXT. ‘Fuortfage’ is har earste moannegedicht. Fuortfage Takomst is in swart gat yn nukleêr barren. Ferbaarnde earms en skonken op blakere grûn. Untteistere eagen stoarje yn de ûneinige djipte fan it neat. Neakene beammen knakt, woartelje yn gifgriene grûn. Huzen fuortfage as wiene …

Oerlibje

Carla van der Zwaag is dichter fan de moanne novimber 2025 by RIXT. Yn it moanneljocht Koroanatiid is faaks al wat ferjitten. Dochs wiene it spannende jierren. De Ljouwerter Krante die in oprop foar de side ‘Samen Thuis’ om as iepen poadium te tsjinjen foar wat it by minsken teweech brocht. Sa wie der ek …

Oktober 2025

Wynmoanne

Sigrid Kingma is de moannedichter fan Oktober 2025 by RIXT. Har earste moannegedicht is Wynmoanne.   Alle paden efterom wurde ier of let paden fan ferset. Tine Bethlehem, Oranje Wynmoanne Ik kwastkje dyn streken mei heechglâns as in karate-kid hinne en wer hinne en wer Moatst se net himmelje dan litte de hieren los seit …

Synteze

Sigrid Kingma oer har twadde moannegedicht fan oktober 2025: ‘Synteze is it earste romantyske gedicht dat ik skreau. Ik draach it noch altyd foar. It giet oer hoe’t de natuer dy ferrasse kin mei alle foarmen dêr’t it har yn manifestearret. No’t ik in ytber bosk behear en ek túnles jou op skoalle, is it …

Septimber 2025

Sels net foar dy

Sels net foar dy is it earste moannegedicht fan Septimber 2025 fan Lara Kool.   Sels net foar dy Wraak ferjilding fan oandien kwea of ûnrjocht bibeltaal: straf of ferjilding mei Godsrjocht my komt de wraak ta: it Godlik rjocht om te straffen dat ropt om wraak: dat moat wreekt wurde Wraaknimme ferjilding fan kwea, …

Asjebleaft

Lara Kool is dichter fan de moanne Septimber by RIXT. “Ik wol graach myn gedicht ‘Asjebleaft’ yn it moanneljocht sette. It set myn moannegedicht ‘Sels net foar dy’ yn perspektyf. Se hearre in bytsje byinoar. Dit gedicht is noch altyd ien fan myn leafste gedichten, omdat it sa ticht by my stiet. Omdat it yn …