Spesjaal foar RIXT skreau Duo von Däniken in wolkomstliet.
Frysk dichterskollektyf kiest nije namme
It kollektyf Dichters fan Fryslân hat in nije namme. De groep fan yntusken hast fjirtich dielnimmende dichters giet troch ûnder de namme RIXT Frysk Dichterskollektyf. Mei dizze namme ferneame se ien fan Fryslâns grutste dichteressen (Rixt, 1887-1979). Hjoed giet ek de webside fan RIXT online: www.rixt.frl

Op de nije webside, dy’t mei mooglik makke waard troch finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân, presintearret RIXT him mei in grutte groep dichters en in grut ferskaat oan gedichten. Der is ek in oersicht te finen fan de útgongspunten fan it kollektyf en de projekten/aksjes dêr’t it kollektyf oan meidocht. It wichtichste doel bliuwt: poëzy skriuwe oer aktualiteit binnen en bûten Fryslân en besykje de Fryske poëzy ûnder de oandacht fan in breed publyk te bringen.
RIXT wurket mei Dichters fan de Moanne. Alle moannen stiet der in oare dichter yn de spotlights. Sy/hy skriuwt minimaal twa aktuele gedichten foar RIXT. Yn jannewaris 2018 sette Willem Abma as moannedichter út ein. Dêrnei namen Aggie van der Meer, Geart Tigchelaar, Piter Yedema en Syds Wiersma it stokje oer. Harren gedichten waarden op de Facebookside fan Dichters fan Fryslân publisearre en binne no ek op de nije webside te lêzen. De RIXTmoannedichter fan juny is de Harnser dichter Jetze de Vries.
Elke Fryske dichter binnen of bûten it kollektyf kin gedichten foar RIXT ynstjoere. Fan septimber 2017 ôf hat dat al mear as 60 nije Fryske gedichten oplevere. RIXT is in iepen kollektyf. Dichters dy’t yn it Frysk of in steds- of streektaal yn Fryslân skriuwe, kinne har oanmelde as dielnimmer. De redaksje fan RIXT beoardielet oft de ynstjoerings op de webside komme en/of de social mediakanalen fan RIXT pleatst wurde.
RIXT is de kommende wiken yn wikseljende groepkes aktyf:
- Freed 1 juny treedt der in groep dichters op by Noardewyn Live op Omrop Fryslân.
- Freed 8 juny om 19.30 oere treedt in groep fan fiif dichters op by Kariljon en Poëzij op it Hofplein yn Ljouwert: RIXTdichters wurkje dêr gear mei fiif komponisten út Fryslân dy’t nij wurk skreaun ha foar it kariljon op it Ljouwerter stedhûs.
- Freed 8 juny rint in groepke RIXTdichters mei yn de iepeningskuier fan Inside Out yn Frjentsjer, in mienskiplik keunstprojekt troch psychiatryske pasjinten.
RIXT begjint de kommende wiken ek mei syn earste guerrilla-aksjes: koarte stand up-poetry op plakken dêr’t it net ferwachte wurdt.
De webside fan RIXT wurdt ynkoarten twatalich: Frysk / Ingelsk. Oan de Ingelsktalige side wurdt noch wurke.
Slaper
Gerard Marcel de Jong is hoofdredakteur fan de Bildtse Post en weunt an ‘e Ouwe-Dyk. As ’n dykslaper die’t te betiid wakker is, skryft-y dêr syn gedichten.

SLAPER
De Ouwe-Dyk is ’n slaper,
Kastreerde kering die’t fan water
Niet eens droomt, útdroogd korpus
opbaard in ’n Mondriaan fan klaai.
Nou overwoekerd met skakeerde,
Fersakte Villa Réfugio’s foor nomaden
En trawanten die’t hursels wel
Rêde kinne, maar niet helpe.
Lang docht dat de soezende wyn
De sielsoekers hier in ‘e roes brocht.
Stad Niks foor lege harten, salvend
eand foor sluge aaigooiers.
Maar ik sien Bornrif: Fallus die’t ’n levenslyn
over’t sliklând skynt – en soa’t hur ogen
mij gefangen houwe gryp ik ’t licht,
as ’n dykslaper die’t te betiid wakker is.
© Gerard Marcel de Jong
Moderne maaie
Fryslân belibbet de hytste maaie sûnt de útfining fan de termometer. In waarmteweach en yn de stêd is it alle dagen festival, je wolle der ris út. Yn 2018 slacht it greidelân de maitiid oer. Wen der mar oan: dit is ús nije klimaat.
MODERNE MAAIE mêsten koperglânzgjend meitsje har út pannedakken, beammen los, glide beret efter de flatsjes hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd skûtsjes stome de stêd wer út de ûnsichtb’re Greuns, de marren op o kultureel briedplak! fan ôfbakte balkontsjes wolle jo ek op ’t koeltsje ta, it föhnde gerslân yn, en oan ’e Ie bygelyks – moai fuort – dat teewetter tusken tondeuze- fjild en drûchboeketteberms sleau it diselpontsje swaaien sjen yn dit jiers maitiids-magnetron ûnderweis gjin ljippen sjoen mar op ’t terras binne mosken noch net útstoarn © André Looijenga

Froulju fan Frijlân!
28 maaie 2018
Op 18 april waard Stichting Frijlân iepene. In nij ekologysk ynisjatyf yn de Swettepolder ûnder de reek fan Ljouwert. Fiif froulju bewenje en bewurkje dêr pleats en lân. De gemeente Ljouwert stipet it ynisjatyf. Tegearre mei de dichters Geart Tighelaar, Piter Yedema en Jetze de Vries waard Syds Wiersma frege om foar de iepening in gelegenheidsgedicht te skriuwen. Hy bewurke syn gedicht dêrnei ta syn tredde gedicht fan de moanne maaie.

FROULJU FAN FRIJLAN Charon fytst my it Van Harinxma oer it deaderyk fan high tech dairy yn: ús drûchmealde dream fan fûgeltsjelân. In krigele plantaazje is jim doel mei waarme hannen omkear bewriuwe oer de ylhurde knibbels fan de polder. In Finske kotta, wat yurts, in wenwein, sa begjint treast, sa set fêst foarnimmen útein om slein lân geast yn te blazen. Froulju! Dit is in iensume igge oan in útmolken see, ljocht krepearret fan toarst boppe de hurdgriene koarsten. Lange, linige massaazjefingers freget jim ûndernimmen, nuodliker as dit bonkerak mei syn fêstklapte kaken leit Fryslân der nearne hinne. Nachtsusters yn in sanatoarium, sprekkers op jirpelkistjes sille jim wêze. Fryslân genêze wurdt in spul fan lang en wiis en hellich ingelengeduld. Mar hark! Der sit altyd wol earne dize yn 'e grûn, in fertelling fan wadi dy't jûns, as jim rêstend op chaises longues de sinne mei syn toarstige amers troch ferdôve notiid sakjen sjogge, syn taal fan buorkjen út 'e djipten sjongt. Dan glimket dit lân wer as in kuststreek. En as de grouwe mûzebiter de nacht yntsjantelt as in skaad dat net loskomt fan syn rôverseach, dan komme jim oan by de leechte roppich om ús te bereizgjen. Jou jim dan oer, want dit is de polder dy't gol is mar faak slim ûnwennich gûlt as in gipsy oan 't keatling fan in honk. © Syds Wiersma
Werom út Fryslân
Foarige wike slute Jan Kooistra him oan by RIXT. Jan wennet op it stuit yn Amsterdam. Yn de jierren 80 en 90 wie er redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Hjir. Hy publisearre fiif dichtbondels: Ballads (1981), De sulveren apels fan de moanne (1984), Dame fan myn dagen (1992), Gershipper (1998) en Blues fan ‘e sângrûn (2014). Yn de earste beide bondels brûkt er benammen it Wâldfrysk, de taal fan syn bertestreek. Nei’t er lêsten in dei as wat yn Fryslân west hie, skreau er it folgjende gedicht.

WEROM UT FRYSLAN en se seit: wat hast sjoen leafste en ik sis: mûzefalken yn alle tinten ljochtbrún, hazzenút, buffelkleur op pealtsjes of parmantich yn it lân en buordsjes met de hân beskreaun dy’t nei pleatsen wize foar Bildstar of Irenes en hekkelhûden stjerrend yn ‘e barmen, meanmasines fan stynske weet en ferlitten bougrûn mar minder kij as in moanne lyn oh ja, en skiep, in hiel soad skiep mei reade rêgen reade? seit se, sichtber kjel wurdend och, sis ik, ’t is niks, it wol sizze dat it sie wer struid is en de dea wer smoard is yn de kym hè? seit se en ik sis: kom, wy geane ik ha sin oan laam en geitetsiis © Jan Kooistra
Oer minsken en bargen
Gerrit de Vries stjoerde hjoed it folgjende gedicht yn.
gjin folle boat
mar bern dy’t boartsje mei in klompskip
nei swimles geane sûnder swimfest
sûnder eangstme foar de djipte
fan de see
minsken sprekke frjemde talen
froulju en manlju
net langer hoedsum
nodzje har pjutten
binne grutsk
en libje
gjin bom dy’t springt
mar bern dy’t toutsjespringe
net swalkje troch woestinen
mar sitte yn in sânbak
net tusken de ruïnen
mar de sânkastielen
dy’t se bouwe
se boartsje fersideplak
mar hoege har net langer
te ferskûljen
dat sjocht de bargekop
dy’t hinget oan it stek
by it AZC
Wolkom
seit de kop
en lit jo eigen kop
jo ear net hingje
nei al dy oare bargekoppen
dy’t bargekoppen hingje
© Gerrit de Vries


