Feroaring

Aukje-Tjitske is dichter fan de moanne Jannewaris 2026 by RIXT.
Se set it gedicht ‘Feroaring’ út har bondel Geosmine (2025) yn it moanneljocht:

‘As ik it nijs folgje, krij ik gauris pikefel en langje ik nei feroaring. Dêr giet dit fers oer. Ik moast dêrby ek in bytsje oan it gedicht ‘De rop om Doede’ fan Hidde Boersma tinke en de moaie opbou yn it gedicht ‘Wer net’ fan Harmen Wind. En fansels foaral oan it flintereffekt. It moaie oan dat effekt is dat lytse dingen derta dogge en feroaring teweech bringe kinne, ek al fielt in inkelde stap faak sa lyts en sinleas. Ik tink dat der mear minsken langje nei feroaring, mar hokker feroaring dat krekt wêze moat, is noch net sa dúdlik.’


Feroaring

it begjint mei in sigentsje
datst allinne mei de lippen heine kinst
foar’st it witst, blaast it fuort
mar mei in flinterke gelok
wurdt it in twirre
in brekking in heal idee

as it oanboazet ta in flaach,

silst it sjen oan ‘e beammen
sil it oer dyn wangen aaie
groeie ta in pûst in wyn
in oertsjûging dy’t minsken fynt
tûken hieltyd hurder swaaie lit

en dan – in net te hâlden stoarm
dat fluitet om dyn oandacht
dy de siken benimt dy bespringt
alle eangst fuortblaast
dy de kop wer skerp raast

it sil oer de seeën bolderje
alle lannen kriten nij dwaan
oer woastinen bosken prairies jeie
sjonge dûnsje dichtsje
oarloch dien jaan
al it kromme rjocht draaie

de fraach is no:
hokker flinter ha wy nedich
hokker wjukslach

Ut:
Geosmine; gedichten van een geurende aarde (2025)

Net brekke

Aukje-Tjitske, stedsdichter fan Terneuzen, is moannedichter fan jannewaris 2026 by RIXT. ‘Net brekke’ is har earste moannegedicht.

 

Foto: Aukje-Tjitske Dieleman

 

Net brekke

Der brekt hjir neat
ik wol gjin diggels fiele
lymje alle stikken

dyn hert dyn fuotten
dyn holle dyn eagen
benammen dyn eagen

Der brekt hjir neat
ik wol gjin barsten hearre
gjin lang piipjen
fan in sikehûsmonitor

Praat leaver
fan in ûnderbrekken
in ûnderbrutsen steat

dy’t aanst – as ik myn eagen iepen doch
gewoan wer mei dy fierder giet

Memmerook

Myrte Marije Veenbaas is dichter fan de moanne Desimber 2025 by RIXT.

Desimber is in moanne fan ôfskie: it jier is hast foarby, it tsjuster freget om weromlûken en de beammen litte har lêste bledsjes los. Noch noait hat desimber foar my swierder west as no, yn 2025: it jier dat ik ús mem ferlear. Mar desimber hat har funksje – rouwe dochst net yn oermjittich sinneljocht; dêrom haw ik derfoar keazen om in fers oer ús mem yn it skimerjende moanneljocht te setten. ‘Memmerook’ (Ensafh, 2024) giet oer ôfskie, nammentlik oer de fielbere oan- en ôfwêzigens fan ús mem yn it hûs dêr’t ús heit yn wenjen bleau nei de skieding. It fers is in oade oan har ierdske wiisheid, de boaiem dy’t se my joech en de gruttens fan har wêzen dy’t bliuwt. It fers besiket de spanning tusken loslitten en kontinuïteit fielber te meitsjen: in prekêre balâns. 

Foto: Daiga Ellaby



Oanspiele

Myrte Marije Veenbaas (1986) is moannedichter fan desimber en hat keazen foar in fers oer har mem dy’t yn 2025 hommels ferstoar, passend by desimber: in tsjustere moanne dêr’t loslitte en de ein yn sintraal stean.

 

Zoutelande, © Erik Bergmans, unsplash.com

Oanspiele

Ik sette ôf yn ’e eftertún
boarte sidekrûp mei in krobbe
hy rûn fuort dat ik gong nei de bijen
we songen en frieten huning

de wyn blaasde bernestimmen
oer in sompe mei blommen
ik plôke in fioeltsje en ferdronk

net, in beam op jierren joech my in hân
ronfelige fingers wiisden nei de hurd
mar ik woe de klippen fan it trepsgat op en sprong
spielde oan op it kleed, sâlte raffels yn ’e eagen

mem lei te lêzen op ’e bank –
de weagen dunen op har sykheljen

Oerlibje

Carla van der Zwaag is dichter fan de moanne novimber 2025 by RIXT.

Yn it moanneljocht

Koroanatiid is faaks al wat ferjitten. Dochs wiene it spannende jierren.
De Ljouwerter Krante die in oprop foar de side ‘Samen Thuis’ om as iepen poadium te tsjinjen foar wat it by minsken teweech brocht. Sa wie der ek in side mei gedichten dêr’t op 7 april 2020 myn gedicht ‘Oerlibje’ pleatst is.
Dit gedicht wol ik fiif jier letter yn it moanneljocht sette om’t ik my der fan bewust bin dat it sa wer barre kin, mei in oare fariant, firus of baktearje.

Foto: Carla van der Zwaag

Oerlibje

Neakene ruten dêr’t in fûgel
mei dompich bûns in ôfdruk efter liet
litte my in frjemde wrâld.

De tillefyzje koarret firusfeiten.
Ferskûle yn bank’s hoeke
konsumearje ik mei iepen mûle
dizze koroanabrij.

Allyk de bleate ruten
besykje ik duldsum
de tsjustere moares
yn my te smoaren en
núnderje

You never walk alone.

Fuortfage

Carla van der Zwaag is dichter fan de moanne novimber 2025 by RIXT. ‘Fuortfage’ is har earste moannegedicht.

Fuortfage

Takomst
is in swart gat
yn nukleêr barren.
Ferbaarnde earms
en skonken
op blakere grûn.
Untteistere eagen stoarje
yn de ûneinige djipte fan it neat.

Neakene beammen knakt,
woartelje yn gifgriene grûn.
Huzen fuortfage
as wiene it
berneblokkedoasgebouwen.

 

Synteze

Sigrid Kingma oer har twadde moannegedicht fan oktober 2025:

‘Synteze is it earste romantyske gedicht dat ik skreau. Ik draach it noch altyd foar. It giet oer hoe’t de natuer dy ferrasse kin mei alle foarmen dêr’t it har yn manifestearret.
No’t ik in ytber bosk behear en ek túnles jou op skoalle, is it namste tapasliker.
Poëzy en túnkje binne beide skeppende aktiviteiten dy’t goed kombinearje.
Dêrom kies ik foar it moanneljocht it gedicht Synteze.

Synteze

Wat as ik in tuseart plet
as de maitiidsinne komt
split en de pitsjes siedzje
yn dyn achtertún
njonken de maaieblommen
krijst dan maketten
of dikke tommen?

Wat astû in ierpel snijst
de plakjes op myn krúsbeiplant leist
krije wy dan krûpelhintsjes as ierdbeien?

Sa raar ha wy gjin mar befard
mar túnkjen is in fak apart

Ut: Reade triedleas/Red wireless (2016)