Yn it moanneljocht: Kastanjemantsje

Ypie Bakker, moannedichter fan oktober, set har gedicht ‘Kastanjemantsje’ yn it moanneljocht. Se seit deroer: ‘Dit fers giet foar my net allinich oer de natuer en hjerst, mar ek oer in herinnering en in ynsjoch dat yn e hjerst fan myn libben my tafallen is. Boppedat fyn ik dit fers  sa by it neisimmerwaar fan de ôfrûne dagen passen.’



Kastanjemantsje

ierde wazemet moas en 
dea blêdeguod     wurch
hinget sinne oer ’t hiem

iepenbarsten parrefleis 
yn wietejasse-gers rûkt 
fergonklik swietbedoarn

 op dizze okergiele dei
litsto dy sûnder opskik
oan my sjen     neaken

de skyl brutsen 
lykas dyn eagen

bern fan in mem
dy’t de kaai meijoech 
oan âldizerman

neisiet mei trochskode 
namme    hiest leard  te swijen  
te knikken as it moast   

wiest in pleister op ‘e wûne  
mar hast de kaai nea krigen

op dizze okergiele dei 
listo dy sûnder opskik
oan my sjen  —

it ljocht is minder skerp hjoed


Ut: Ensafh, nû. 3, 2026

 

One Reply to “Yn it moanneljocht: Kastanjemantsje”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *