Ik hâld fan hurd

Tamara Feddema is dichter fan de moanne septimber by RIXT.  ’Ik hâld fan hurd’ is har twadde moannegedicht.

 

 

IK HÂLD FAN HURD

Neam it net ‘etnysk suverjen’
mar ‘massamoard’
Want suverjen is oars wat moais;
skjinmeitsjen in foarrjocht
Litte wy ús taal net fersmoargje
Mei skjinne wurden
foar goare dingen

Ferpak despoatisme en diktatuer
net as ‘patriottisme’ of ‘eigenwizens’
Want wiis wêze mei jins lân is moai,
grutskens en dyn eigen gong gean kinne
in grutte rykdom

Gjin ‘un-aliven’ foar my
mar ‘dea’, ‘kroandea’ sels
Ja, ik hâld fan hurd
Hoechst gjin ‘ferfelend foar dy’
te sizzen.
Sis mar gewoan ‘da’s kut’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *