Janna van der Meer is dichter fan de moanne july 2025 by RIXT. Se skriuwt:
‘Ik wol graach myn gedicht ‘Azem’ yn it Moanneljocht sette. Dat komt omdat ik mei in fotokollaazje ‘Oereangst’ dwaande wie. Dêr sjochst in keal fan ús, dat krekt berne is. De fluezen sitte der noch oan. It each sjocht hiel bang. It keal tinkt dat er dea giet, dat er stikt. En dy eangst is goed, nuttich. Troch dy oereangst foar de dea kriget er in stoat adrenaline troch de bealch. En dan sykhellet er, libbet er. Fan dat momint ôf is er werklik ien fan ús.
Yn it gedicht ‘Azem’ spilet de eangst ek in wichtige rol. Ik ferbyn dat aaklike gefoel hjir ek mei de azem, falt my op. De azem dy’t it libben bringt, ús ferbynt mei de ierde. Allegearre moaie saken. Mar it is dus nea allinich mar moai. Dea en libben kinne net sûnder elkoar. En eangst heart der ek by. Ik fyn dat lestich, mar it is net oars.
Doe’t ik myn gedicht ‘Azem’ noch werris lies, tocht ik dat it ek wat moais hat: it libben sa’t it is. En hoe’t alles mei elkoar ferbûn is. Dat gefoel woe ik graach diele. It is publisearre yn myn dichtbondel Wêzen, yn 2017. ‘
‘Azem’ fan Janna van der Meer is har twadde moannegedicht fan july 2025.

azem
fan ’e grutte see
en oer it fjild
blaast de wyn
troch it slúfke
fan ús sliepkeamerraam
hoeden azemje ik
wat sil it oanreitsje?
ik hâld yn
ûnder keart de hûn
him it wyt foar de eagen
jankend yn syn dream
bûten fret de foks
oan ’e búk fan in keal
syn jongen wolle ek
en neist mij leit de man
op in bult
hij smakt
myn kiel knypt ticht
yts tysket
tusken de hierkes op myn hûd
huver en dan
lit ik gean
troch it slúfke
oer it fjild
nei de grutte see

