Winterpinnestreek 10: ‘Leave Poëzy’ fan Ineke van der Heide
Leave Poëzy
‘Leave’ skriuw ik boppe dizze brief oan dy. Eins fyn ik dy net leaf, earder ûnbegryplik en net te befetsjen. Faak sjoch ik rigels dêr’t it byld yn ferstoppe is en ferdwaal ik yn dyn wurden.
Leave Poëzy, lit my by it begjin begjinne. Sân jier bin ik as ik in poëzyalbum krij. Poesie-album neam ik it. It is in boekje fol lytse kadootsjes fan in master en juf en skoalfreondintsjes út in fier ferline. Leave Poëzy, wêrom ha bern dat no net mear? Dat soe weromkomme moatte. Bern wienen sa moai dwaande mei it lêzen en skriuwen fan poëzy.
Yn de Friesche Koerier stiet de rubryk ‘De kleine koerier’. Bern kinne tekeningen, ferhaaltsjes of gedichtsjes lêze, mar ek meitsje. As Reinier Paping yn 1963 de Alvestêdetocht rydt, sit ik te rymjen. En… myn fers komt yn ’e krante. Ik slach it sneonsnûmer fan de nije Leeuwarder Courant iepen… wêr stiet poëzy? Wêr fyn ik de side foar bern?
Sorry Poëzy… By it ferplichte wurk foar skoalle, giet gjin finster iepen. Myn oandacht foar dy is oer.
Mar… leave Poëzy, op in prachtige wize komst wer op myn paad. Ik meitsje teksten foar bern mei in beheining. Yn myn syktocht nei makliker as maklik bedarje ik by werheljende sinnen en by rym oan ein en begjin. By ultrakoarte wurden en dan allinnich de klank suvere. Ik skriuw bygelyks:
de muis
de kat at wat.
de rat at wat.
maar de muis,
die liep naar huis.
voer
de boer met voer
voor het vee.
geel
ik hou veel van geel.
geel is de zon.
geel is de maan.
ik hou veel van geel.
geel is mijn jas.
geel is mijn tas.
ik hou veel van geel.
geel is de zon.

Doe rôp in dichter: ‘Dat is poëzy!’ Poëzy… do kinst in tekst makliker meitsje?
Poëzy, ik waard sa bliid mei dy, sa bliid as in gletsjer is mei snie.
Op in kulturele dei krij ik ‘Âlesund’, alve rigels skreaun troch Tsjits Peanstra. Ik plak se foar yn myn fakânsjeboek. We gean nei ’t westen ta. As we de 418 treden fan de Aksla beklommen ha, de wyn yn ús hier fiele en de feerboat fan de Hurtigruten oankommen sjogge, sjoch ik del op it stedsje, dat der leit as einekroas en ik lês de rigels út myn fakânsjeboek:
Asto nei’t westen wolst, gean dan nei Âlesund;
In stêd mei giele, griene, rôze huzen
en altyd rûkt it der nei fisk, altyd.
Do priuwst de sâlte seewyn op ’e lippen
en as it reint, dan reint it ek foar goed,
do hearst de kobben kriten by de haven,
do sjochst de sinne gleonread ûndergean
moarn silsto mei in fiskersboat te farren
en ast net farre wolst, dan is der wol wat oars.
Asto nei ’t westen wolst, gean dan nei Âlesund.
In plakje dat der leit as einekroas.
Ik sit thús, foar de buis. Bylden streame de keamer yn. Strân… sân… letters. Ik fearje op, ien en al ear, ien en al each.
FANNACHT YN IN DREAM
BIN IK IT STRÂN OP RÛN
EINLIK IN FOET
ÚT IT STILLE TEHÛS.
FANNACHT OP IT STRÂN STIE
MYN SOS DER SAMAR:
WANNEAR ANNE
KINNE WE WER KRÛPE.
Leave Poëzy. Elk wurd docht der ta, acht rigels in kompleet ferhaal. En moaier as mei de stim fan Nyk de Vries sels, kin it net.
Leave Poëzy, do hast my yn ’e besnijing.
Ik wol de see sjen, en der op ’e grins fan lân en wetter de wurden opnij hearre.
Groet fan my en oant sjen,
Ineke van der Heide


