Lân en Tiid – It syklyske fan de natoer yn ferve en fotokollaazjes

Eksposysje ´Lân en Tiid´ is in tentoanstelling fan skilderijen út it tema Fruchtbere Ierde fan Doet Boersma en fotokollaazjes fan Janna van der Meer oer Fee, Lân en Ferbining.

Alles beweecht en feroaret, mar lân is tiidleas. Teminsten, sa liket it. As jo goed sjogge, hat it lân dêr’t wy fan ite, dêr ’t wy ús huzen op bouwe en oer hinne rinne syn eigen tiid: in rûne tiid.

It is de tiid fan ’e seizoenen. Plantesoarten wikselje inoar ôf, oant der in stabile libbensmienskip fûn is. Hjir gripe it bloeien en stjerren sa yn inoar, dat libben en dea dreech fan inoar te ûnderskieden binne.

De skilderijen fan Doet Boersma en de fotokollaazjes fan Janna van der Meer yn de tentoanstelling Lân en Tiid gean oer de faak sa fanselssprekkende basis fan ús libben en de relaasje tusken planten, bisten en ’e grûn. Meastal is it net hielendal dúdlik wêr’t it âlde ophâldt en eat nijs begjint. De wurken roppe in gefoel op, dat tinken docht oan in oare, sterkere krêft. Ien dy’t dit alles mei inoar ferbynt.

Resultaat is in kleurige, mar ek aktuele útstalling oer in belangryk fraachstik fan dizze tiid: ús relaasje mei it lân, de grûn en it libben dat dêr oant no ta, altiten wer, ûntstiet.

foto: Janna vd Meer/Schierstins

Lân en Tiid is te sjen fan sneon 21 augustus oant en mei snein 17 oktober yn de skierstins yn Feanwâlden.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *