Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

Hjoed hawwe dichters Kate Schlingemann en Edwin de Groot by it Arkje oan harren strofe wurke.

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân (om 17:40), dy’t bellet mei Edwin oer it ferrin fan de dei en fansels de nije strofe foar it trochjougedicht.


