jou my dyn wurd

By de twa poëzijmiddeis yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’. Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west. Hjoed it gedicht ‘Jou my dyn wurd’ dat Tanja van Abbema gearstald hat.

Foto: Bauke Terpstra

jou my

út opfleanend reinbôgewetter
in grouwélige ûnwaarsfûgel
fersteure balstjurrich myn natuerrêst

yn ’t pypskoft bûtenút
by de beam yn ’e sompe

dêr’t Trip ús Fryske stabij útfanhûs
wie gjin ferdivedaasje rûnom hiem

tusken flagge en greppel

helle hurde wyn oan ta stoarmwyn
en it petear tsjin bline doarren feroare
yn ôfwaaid praat:

        die groeipijn duurde langer
        in de schaftwagon van kunstmatige houtnerf
        straalt haar tactiliteit milde agressie
        gedachtenkracht in doorgesluisd waeter
        vanuit kruidenrijk verspreid

wy sieten net mear op deselde golflengte

yn de ljochtspegeling oer swart wetter
sprutsen enoarme skieppetsiiswolken
de bjusterbaarlike sin fan ’e njirre:

yn ’e rispinge fan amper in pear abendstunden
sil in wrâld bedjerre, oan de ôfgrûn fan tiid

gelokkich oergien út harsels socht it bluisterich skepsel
wibelich in mienskip fan lykweardich bestean
en de fûgel spruts grutsk:

ja, ik sis ja, tige dank, foar dy dichter
datsto eltsenien lardearje meist mei
dyn wurd

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *