taktiliteit

By de beide poëzijmiddeis fan RIXT yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’.
Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west.
Hjoed it gedicht ‘Taktiliteit’ dat Ypie Bakker gearstald hat.

 

Foto: Bauke Terpstra

 

taktiliteit

yn ‘e jûnsoeren hokket jongfolk achter bline doarren
skaftketen lardearre mei ôfwaaid praat
hearst der net by bist net gelokkich dyn gedachtekrêft
net ôfsteld op deselde golflingte as mienskip en fûgel

nimmen wit fan sompe en greppel
it hiem bûtenút
groeipine yn houtnerven
de wrâld in grouwélige ôfgrûn

it duorret langer foar dy, bist in dreamer in dichter libbenslang útfanhûs
dyn thús in ljochtspegeling fan opfleanend reinbôgewetter
bjusterbaarlik hoe’t delten hichten wurde ast it perspektyf feroarest ast ja
seist tsjin lykweardigens, tiid en sin net bedjerre litst troch njirren fan agresje

dyn rispinge: yn wibeltwiich enoarme beam sjen dêr’t grutske
ûnwaarsfûgels skûlje foar bluisterige stoarmwyn en yn ’t pypskoft skoalbern
ferdivedaasje sykje, fryske stabij as tank balstjurrich syn geurflagge útset
poddestuollen as skieppetsyskes út krûderike blèdegrûn barste

earms omfiemje rûge bast
ûnrêst wurdt trochslûze
giet oer yn natuerrêst
sopstream brûst troch bloedstream

 

 

2 Replies to “taktiliteit”

  1. It gedicht rekket my oan, rint my de iene kear as in sêfte hân oer de lea, dan wer skrast it my as fingers mei skerpe neilen oer de earm. Poerbêst slagge!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *