Sense of place

Sense of place is Syds Wiersma syn twadde moannegedicht fan jannewaris 2021. It fers is skreaun nei oanlieding fan it ferstjerren fan Joop Mulder.  It is de ferbylding fan in kuiertocht bûtendyks, op de grins fan de Nije Biltpôlen en it Noarderleech, ien fan de biotopen dus dêr’t Mulder syn kust-keunstwurken foar Sense of Place situearre en fisualisearre.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Sense of place

Nije Biltpôlen/Noarderleech


Gjin moarnsmins glydzje ik út oer 
rûchferzen slyk. Beripe poldykjes.
In wite dea fan oanspield snileguod.
Rusken sneedsk brún as sloopark.

Ik folgje de slinke, ik kin net oars, as 
bern al berûn ik bochtige sleatswâlen,
stand-ins by krapte oan oprinners.
In strypke eilân dêr, leit hjir bûtendyks

lân skaakt ûnder in loft dy’t glierblau
syn troef fan ûnskuld útspilet, glêzich 
de oeren klimme lit, teie ta in sompe 
fan finisterre. Skou krûpt it streamen.

Werom yn Nijesyl knoffelje ik oer bulten, 
snip tsjirpende mosken om se letter grif 
as platfiskjes frij te litten út kustwurken.
No no-nonsense myn stap oer ’t beton.

It boulân lekt alwer wetter út de pypkes 
op de Aldrij. De sinne búkbelslidet oer 
in flueske iis. Jezushin stekt hastich oer: 
roppich nei fergetten bliid boadskipkes.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *