Poëzij fan Tsjisse Hettema: ‘Nei oanlieding fan in útstjoering oer de flechtlingen yn Grikelân dy troch in brân ferdreaun nei in oar kamp moasten en dêr no yn tinten de winter oerlibje moatte.’

Oesters earne kinst it paad noch weromfine ûnder dyn fuotten mei de nedige skepsis, bûkelje wy fierder komme op in doarpspleintsje huzen driuwkje trystich hinne en wer achter yn gongen galmet bline panyk bern krûpe wei mei trochsingele eagen fan tiid ferlieze wy ús yn de patroanen om ús komôf útinoar te raffeljen in freonskip falt útinoar hieltyd fierder oant it ús iepenleit wy skoftsje op roastere bôle it wjerljochtet tusken de tosken en sjogge ússels weromkommen as tichtsleine oesters