Palimpsest

In fers fan Erik Betten.

 

Palimpsest

Ik ha dit earder skreaun, wer wiske,
skrast yn lagen.
Ljocht dat skimket lit
wat wie nochris bestean,
ferfrissele mei farske halen.
Se hâlde út dat wa’t ik bin
net bliuwe kin, nea 
west hat sa’t it hjir no stiet.
      No’t it ljocht fersjit.

Ik sil dit nochris skriuwe, letter,
troch de groeden fan it no,
mar hoedener miskien. 
Pinnen stûkje gauris, stomper
mei de jierren, tearder
ek it perkamint. It hânfêst 
swakker mei it ljocht.

Wa’t my foargie op dit plak, ferjou my 
it earste, al te fûle wiskjen. 
Wa’t nei my komt, silst grif dit blêd 
dy like ûnbeskreaun 
wol winskje, inket 
fan it oerflak skraabje, pinne
skerpje. Mei grutte halen
úteinsette.
Sa’t it giet.
      Oant it ljocht fersjit.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *