Syds Wiersma skreau in gedicht nei oanlieding fan de Amearikaanske ferkiezingen.

De rop fan in trollejong ik leau net sa yn feiten ik tyskje leaver wat om mei QAnon-krypto-pripperkes ik fertrou gjinien mear behalve wat ik fiel en feilich fyn connect the dots ik haw dy jefte fan de dingen djipper sjen, ik bin in heechsensitiveling yn de jacuzzi fan myn bubbel driuwend op it gewicht fan skiednis en wittenskip blaas ik bûltsjes fan sinistere plots you only have to connect the dots Hy sil se ûntmaskerje speetse al dy pedofilen oan de Gates fan Deep State simply connect the dots wy krije gelyk en oars helje wy ús gelyk want wat is gelyk fake only fake for the sake of de gloarje fan it grutte liederskip