Foarpublikaasjes twadde dichtbondel fan Geart Tigchelaar op Instagram

Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.

Yn ’e oanrin op de presintaasje wurde op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.

‘Troch Dichterskolletyf RIXT bin ik der efterkommen dat poëzy, hielendal proazapoëzy, him goed presintearje lit op de sosjale media en poëzy sa tagonklik makke wurde kin foar in breed publyk .’

De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.

Foarkant Ommers, opmakke troch Jelle Post.

Wat: foarpublikaasje Ommers
Wêr: Instagram, akkount @ om.mers
Wannear:  fan woansdei 26 augustus ôf
Bondelpresintaasjes Ommers en Wite Mûle, Swarte Molke op 3 oktober, Jorwert

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *