Portret Aggie van der Meer yn Gysbert Japicx-galery

Yn 2019 krige Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre en ein febrewaris is dêrom har portret tafoege yn de Gysbert Japicx-galery. De Gysbert Japicxpriis, de grutste priis foar Fryske literatuer, wurdt om de twa jier útrikt foar om bar proaza of poëzij.

Sa’t wenstich is, wurde der portretten makke fan de winners foar yn de galery fan de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar. Skilder Douwe Elias hat it portret fan Aggie van der Meer makke, dy’t posearret foar har wurk dêr’t mei dwaande is. Elias is net ûnbekend mei de Gysbert Japicxpriiswinners, mei’t er earder ek de portretten fan Tiny Mulder en Piter Boersma skildere hat.

Aggie har portret en de eardere Gyspert Japicxpriiswinners binne te besjen yn Tresoar.

foto:Tresoar

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *