Carla van der Zwaag skreau it gedicht Skoklân by it prototype fan in keunstwurk fan har twalingsuster Gonda, dat ynstjoerd waard foar in tentoanstelling op Skoklân mar net útkeazen. Carla droech it gedicht foar op 4 oktober by Satelliet (Liet ’19) yn Ouwe Syl.

Skoklân Rêst rûst yn âlde kromten in holle roukeamer de rêchbonke skobbet him tsjin griisgrauwe loften. Oanrekke troch stoarm en tiid sykhellet no allinnich noch de wyn troch iepen ribben. It buorskip longeret nei eartiids dêr’t ea de brâning skom it lân opjage fier oer ’t skolperich strân. Doe útrist ta de striid No wjuklam hâldt er him ôfsidich yn oerjefte de hoarnen nei de himel. In hauk fljocht oer sjocht gjin ferskil tusken libben en dea. © Carla van der Zwaag