Hjoed it twadde moannegedicht fan Edwin de Groot, ús dichter fan de moanne maart. Sels seit er deroer: ‘Polariteit is prima. It makket dat it ljocht brânt, molekulen ûntstean en bestean kinne en de ierde beskerme is tsjin de sinnewyn. Mar as it yn de hollen sit fan minsken, wurdt it oars. Dan jildt it eigen gelyk en inkeld it eigen gelyk.’

Op de poalen is it (noch) kâld Yn de doarpen mei yn de moarntiid kleurige hoannen en oeral de blossem fan wylde flear fleagen strieljend wite flinters en hjir en dêr in swartenien dy´t net âld waard, foel sûnder mis op by de fûgels oant de doarpen roetige stêden, de wite flinters opfretten dronken de swarten begearich harren kleur fan de skoarstiennen ek dat gie foarby en die bliken; it behâld in betochtsume jas yn de kleur fan piper en sâlt © Edwin de Groot

