Sânfabryk foar Kliffekust

De kuststreek fan Gaasterlân is ien fan ús moaiste lânskippen. Syds Wiersma skreau in gedicht oer de fiergeande plannen foar sânwinning foar dy kust. Litte wy hoopje dat de folksfertsjintwurdigers yn de gemeenteried fan De Fryske Marren har net yn de fal fan in iensidich ekonomysk tinken lokje litte.

Sânfabryk foar Kliffekust

Salami Iselmar, in mûntsje hjir
in yndústrytsje dêr, wy skjirje en skave
de stilte ôf, sette beitels yn it fier,
sa komt der romte foar it échte graven.

Wethâlderke is foar, wy mutte bouwe
oan ’t nije wenningreservoir, ús sân
is ’t goud fan Gaasterlân, dan mutst net mauwe
mar sûgers lizze, yn ’t belang fan ’t lân.

In MER? Jawis! Is serieus in must.
Nim no de soarch oer tsjok en sânich wetter,
dat falt ta, eintsjes, fiskjes foar de kust
dy swimme fut en krije it dêr grif better.

En stel dy foar, sa’n eilân lekker ljocht,
dan hast de spot fól op it klif by nacht.

© Syds Wiersma

Moandeitejûn 04-02-2019 wie Syds Wiersma in skeakeltsje yn in rige fan persoanlike boadskippen dy’t de befolking fan Gaasterlân de gemeenterie fan De Fryske Marren meijoech. Hjir in koarte ympresje fan Radio Spannenburg.

One Reply to “Sânfabryk foar Kliffekust”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *