RIXT-dichters op it Greidhoek’ Festival te Wommels

 

Ankom sneon, 22-09-18, is wer it jierlikse Greidhoek’ Festival yn Wommels. Diskear binne der ek fiif dichters fan RIXT oanwêzich, te witten Simen de Jong, Jetze de Vries, Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar.
Hja hawwe in keatshokje ta harren foldwaan dêr’t twa stuollen ynsteane. Yn dy yntime setting is der plak foar ien dichter en ien taharker. In read parke ferljochtet de hiele keet. It tema fan it festival is #Bobek as ferwizing nei de metoo-diskusje. De namme fan ’e dichtersakt hat de titel Hestek Respekt meikrigen, mar grutte kâns dat taharker en faaks de dichter sels mei reade earkes út it hokje komt.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *