Desimber is in moanne fan ôfskie: it jier is hast foarby, it tsjuster freget om weromlûken en de beammen litte har lêste bledsjes los. Noch noait hat desimber foar my swierder west as no, yn 2025: it jier dat ik ús mem ferlear. Mar desimber hat har funksje – rouwe dochst net yn oermjittich sinneljocht; dêrom haw ik derfoar keazen om in fers oer ús mem yn it skimerjende moanneljocht te setten. ‘Memmerook’ (Ensafh, 2024) giet oer ôfskie, nammentlik oer de fielbere oan- en ôfwêzigens fan ús mem yn it hûs dêr’t ús heit yn wenjen bleau nei de skieding. It fers is in oade oan har ierdske wiisheid, de boaiem dy’t se my joech en de gruttens fan har wêzen dy’t bliuwt. It fers besiket de spanning tusken loslitten en kontinuïteit fielber te meitsjen: in prekêre balâns.
Myrte Marije Veenbaas (1986) is moannedichter fan desimber en hat keazen foar in fers oer har mem dy’t yn 2025 hommels ferstoar, passend by desimber: in tsjustere moanne dêr’t loslitte en de ein yn sintraal stean.
Ik sette ôf yn ’e eftertún
boarte sidekrûp mei in krobbe
hy rûn fuort dat ik gong nei de bijen
we songen en frieten huning
de wyn blaasde bernestimmen
oer in sompe mei blommen
ik plôke in fioeltsje en ferdronk
net, in beam op jierren joech my in hân
ronfelige fingers wiisden nei de hurd
mar ik woe de klippen fan it trepsgat op en sprong
spielde oan op it kleed, sâlte raffels yn ’e eagen
mem lei te lêzen op ’e bank –
de weagen dunen op har sykheljen
Koroanatiid is faaks al wat ferjitten. Dochs wiene it spannende jierren.
De Ljouwerter Krante die in oprop foar de side ‘Samen Thuis’ om as iepen poadium te tsjinjen foar wat it by minsken teweech brocht. Sa wie der ek in side mei gedichten dêr’t op 7 april 2020 myn gedicht ‘Oerlibje’ pleatst is.
Dit gedicht wol ik fiif jier letter yn it moanneljocht sette om’t ik my der fan bewust bin dat it sa wer barre kin, mei in oare fariant, firus of baktearje.
Foto: Carla van der Zwaag
Oerlibje
Neakene ruten dêr’t in fûgel
mei dompich bûns in ôfdruk efter liet
litte my in frjemde wrâld.
De tillefyzje koarret firusfeiten.
Ferskûle yn bank’s hoeke
konsumearje ik mei iepen mûle
dizze koroanabrij.
Allyk de bleate ruten
besykje ik duldsum
de tsjustere moares
yn my te smoaren en
núnderje
De Deademansfeart, noardwestlik fan Hitsum, hie de namme te tankjen oan it lyk fan in jonge man dat yn in skier ferline ris yn dy feart fûn wêze moat. Yn it ûndersteand gedicht ferbynt Beart Oosterhaven dat feit mei it wetter fan ’e baaikûp, dêr’t Jim Morrison yn Parys yn oantroffen waard. Fierder ferwiist ‘feart’ nei de koarte ‘reis’ troch it libben fan sawol de deademan by Hitsum as fan Jim Morrison.
Oosterhaven: ‘Ik bin koartlyn nochris mei de trein fan Frjentsjer nei Harns by de Deademansfeart delkommen. Fan dy feart is neat mear oer. De bulten dy’t ik yn it gedicht neam, binne sljochte en it gers foar de boer al ynsiedde.’
Jim Morrison (08/12/1943 – 03/07/1971)
Deademansfeart
-1971, 3 july.
ik sit mei twa angels
te fiskjen oan ’e Deademansfeart,
ûnder it spoar
tusken Frjentsjer en Harns.
-oer twa dagen wurd ik
15 jier âld-.
de Aristona-transistorradio ûnder myn
bûsgroen meldt dat
sjonger Jim Morrison
fan ’e Doors
-27 jier âld-
dea fûn is yn in
baaikûp yn Parys.
ein fan it berjocht.
‘se’ draaie Love Her Madly.
(wat in ferkearde kar.
When The Music’s Over hie
ommers folle better past!)
-2025, 28 septimber.
ik rin mei frou en hûn
de kant út fan ’e Deademansfeart,
in moai eintsje noardwestlik fan Hitsum.
-ik bin al in skoft
69 jier âld- .
de Samsung-mobile-telefoan yn
myn hân wiist it paad;
moai dúdlik.
-goed 54 jier nei Jim Morrison-
leit de Deademansfeart no fol bulten!
‘se’ hawwe ’m út ’e tiid holpen.
it wetter moat in oare rjochting sykje.
lykas de rockmuzyk yn 1971.