mindful mei mem

‘mindful mei mem’ wie ien fan de gedichten dy’t Janneke Spoelstra op 22 Maaie foarlies tidens it Literêr Sirkwy yn Burdaard.

 

mindful mei mem

op ’e duo fytse wy
it Aldlân yn, en ik mar wize

sjoch mem, de toer fan Hâllum
dêr en dy fan Wânswert, sjochst
de pleats by de Wide Mar?

net sa ticht by de berm, seit mem
komt dêr in auto oan? Ik stjoer
en mem kin mei traapje

de bûterblommen
bloeie yn ’e wâl, sjochst
de einepiken yn ’e sleat, mem
dêr in ljip, dy bûnte liuwen

sa’t sy dat earder die
mei my efterop
wiis ik har no

de kij yn it lân, skiep mei
lammen, sa blau de loft
fan dagen

wat hawwe heit en ik hjir
ek faak fytst, seit mem

wat hearlik de wyn
troch it hier

 

3 Replies to “mindful mei mem”

  1. Al wer sa’n moai gedicht fan Janneke.(myn nichtsje) Sa moai werjoun! De leafde nei har Mem.(myn Sussie).

  2. Soa mooi fan myn achternicht. Sij het my op ’t spoor fan ’t dichten set. Dut gedichy fan mij kwam in my op,..

    Veilig achterop
    Bij vader op de fiets
    Vader weet de weg
    En ik weet nog van niets
    Met de foeten in ‘e fytstas
    De erms om ‘m hine
    De wang teugen syn leren jas
    Later motst ik grine
    Hait waar soamaar fort
    Motst myn weg self fine
    Hope dat ’t wat wort,…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *