Anne Heegstra

Ik bin berne en opgroeid yn in doarp nei oan de Alde Feanen. Omdoarmje yn de fjilden of mei de skou it wetter op is wat ik it leafste die. Hiele ferhalen en gedichten fantasearre ik dan ûnderweis en jûns op bêd byinoar. It papier hellen se mar inkeldris en bewarre binne se nea. Dat kaam jierren letter pas. Doe die nei in CVA bliken dat ik de wurden yn myn holle wol fine, mar mei praten net goed mear diele koe. Lokkich slagget it my mei skriuwen op de pc al. Nei in poëzijkursus fan Abe de Vries en in worksjop fan Arjan Hut krige ik de guit opnij te pakken.

Ferskate kursussen, workshops en publikaasjes folgen. Gedichten fan my ferskynden û.o. op de webside fan RIXT, yn literêr tiidskrift Ensafh en yn de Moanne. Ek ferskynden fersen fan my yn útjeftes fan Fersefariaasje foar Ferstival, in foardrachtskriich foar jeugd fan 12 o/m 18 jier.


Ynstjoerde gedichten
Sekreet fan serebraal
Stil (4 maaie 2019)
Njoggentich (febrewaris 2020)
Ûngetiidzje (oktober 2020)
Headamskampen (oktober 2020)
It goud op de wei (11 juny 2021)
Oerwinning (23 febrewaris 2022)


SEKREET FAN SEREBRAAL


sûnt oanset yn serebraal beskûle
leit it longerjend op ’e loer
oant dy neare neisimmerdei
oanboazjend komt it oer

benearjend ferdizenje bylden
lûden ferstilje ta rûzjen en betize
tinzen fâldzje it ferfleine
yn in ferlamjende dize

wâljende eangst wol ’k warre
mar pandert eigen paad
en panys komt preuveljend
as los sân myn praat

wylst it fluensk de flerken wuollet
om ’t warleas wrakseljen
hellet it my oer, lit ik my gean
sûnder mear tsjin te akseljen

© Anne Heegstra