Dichters fan RIXT Aggie van der Meer en Henk Nijp sille yn it ramt fan “Ús Festival” sneon 9 maart foardrage yn MFC “De Tysker” te Easterwierrum. Klik hjir foar in oersjoch fan alle aktiviteiten (pdf).

Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
Dichters fan RIXT Aggie van der Meer en Henk Nijp sille yn it ramt fan “Ús Festival” sneon 9 maart foardrage yn MFC “De Tysker” te Easterwierrum. Klik hjir foar in oersjoch fan alle aktiviteiten (pdf).
Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearre wer in Grutte Gedichtejûn. Dat op op in stoarmige freedtejûn kamen in lytse fjirtich dichters yn it o sa smûke Marktzicht te Drachten om foar it ynteressearre publyk poëzy foar te dragen. Dichters fan alderhanne statuer, gender, tongfal en poëtika kamen efter de mikrofoan. Dêr wienen ek in moai espeltsje dichters fan RIXT by.
Ineke van der Heide presintearre koart har bondel Broek mei bûsen, dy’t earder dy dei ‘offisjeel’ presintearre wie. Hja mocht fan ’e organisaasje justjes langer oan it wurd om sa it boek syn gerak te jaan. Alle dielnimmende dichters mochten in eksimplaar mei nei hûs ta nimme.
Rôt
De rôt is âld,
is klomsk en kâld,
is stram en stiif,
hat pine yn it liif.
Dan komt de sinne
en dêr rint rôt wer hinne.


Muzikant Bert Hadders wie ynflein alhiel út Grins wei, dat sadwaande hie de jûn yn Drachten in Grunneger tintsje krigen. Hadders koe wakker smeudich fertelle en syn moaie stimlûd klonk noch lang nei.
De organisator en redakteur fan Ensafh hie it tiidskema moai strak opsteld, sa strak dat de jûn in healoere earder dien wie. Sa koe elk smûk neipetearje en noch in buorrel nimme foar’t de lêste bus werom gie.
Hein Jaap Hilarides is dichter fan de moanne jannewaris by RIXT. Hy sil syn beide moannegedichten op 30 jannewaris foardrage by Iepen Up yn Neushoorn te Ljouwert en fertelt oer en lêst foar út syn nije bondel Ofskaid en Utsicht, in bondel mei ferhalen, stikkys en gedichten yn it Bilts, koartlyn ferskynd by Utjouwerij Louise.
Op 23 jannewaris lêstlyn waard Tsead Bruinja offisjeel ynaugurearre yn it nommele amt fan Dichter des Vaderlands. Hy mei dy funksje twa jier lang ferfolje. Tsien jier lyn wie er ien fan ’e nominearren, mar waard Ramsey Nasr Heitelânsdichter. Ditkear waard er hifke oft er it no wurde woe, sa fertelde er oan in seal fol freonen, famylje, kollega-dichters en oare belangstellenden. Blykber hie de dichter ôfkomstich út Rinsumageast dêr wol earen nei.
Lês fierder by Geart Tigchelaar op ensafh
Snein 27 jannewaris Biltske Brunsj mei moannedichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings
Kommende snein organisearret útjouwer Eddy van der Noord (Utjouwerij Louise) yn it Grouster Sylsintrum in Bildtse Brunch. Hy fertelt dan wêrom’t er de Biltske bondel Ofskaid en útsicht (2018) sa’n bysûnder boek fynt en hoe’t de bondel ta stân kommen is. Auteur Hein Jaap Hilarides, by RIXT moannedichter fan jannewaris, sil in pear ferhalen, stikkys en gedichten foardrage. Byldzjend keunstner Hendrik Elings lit sjen mei hokker materiaal oft er de tekeningen makke hat. Syds Wiersma, âld-Grouster en dichter, sil inkelde gedichten oer ôfskied en útsicht foardrage. De muzyk wurdt fersoarge troch Hein Jaap en Hendrik. Sy spylje Biltske nûmers. Tuskentroch servearret Marleen Kelderman mei har meiwurkers waarme en kâlde brunsjhapkes. Lês fierder by de Grouster.
Grouster Sylsintrum, Pr. Wilhelminastritte, 9001 JM Grou.
Foar mear ynfo oer de bondel Ofskaid en útsicht:
https://www.heinjaap.nl/hein-jaap-hilarides-ofskaid-en-utsicht

Tsead Bruinja (1974), earder fan Rinsumageast en no wenjend yn Amsterdam, is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Dat stiet op de webside fan Dichter des Vaderlands.
Earetitel
Bruinja fynt it in earetitel. “It betsjut datst sjoen wurdst, dat se troch hawwe datst as dichter net inkeld foar eigen parochy prekest, mar ek mear foar de poëzy yn it algemien dwaande bist.”
Doel is dat er seis gedichten yn it jier skriuwt dy’t yn de krante NRC publisearre wurde. “Mar der is hiel folle romte. As der wat bart, dêr’t ik oer skriuwe wol, dan stjoer ik in mail nei de redakteur en dan kinne we it deroer hawwe.”
Frysk
It Frysk spilet al jierren in belangrike rol yn syn wurk. “It Frysk hat my in folle bettere dichter makke. It Frysk hat altyd belangryk west en dat sil ek sa bliuwe. Hjir yn Amsterdam ha ik jûnen foar Fryske dichters organisearre en yn 2004 in blomlêzing mei wurk fan Fryske dichters makke dêr’t we ek mei toerd ha. Mar ik wol eins wat dwaan mei de hiele diversiteit fan talen yn Nederlân, ek it Drintsk en Papiamintsk, in blomlêzing bygelyks. ”
Bruinja folget Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands. Hy hat krekt twa jier ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel west.
Lês fierder by Omrop Fryslân
Parseberjocht
De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t meidertiid by Utjouwerij Hispel útjûn wurdt.
Aarhus wie yn 2017 kulturele haadstêd, lykas Ljouwert ferline jier. Om dy reden hat de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ôfrûne simmer in lytse wike yn Ljouwert taholden. Dy gearwurking wurdt trochsetten, trochdat de fjouwer dichters útnûge binne troch Aarhus Litteraturcenter om nei Denemarken te kommen. Teffens is der in optreden regele by Poesiens Hus yn Kopenhagen. Fierders sille de fjouwer Fryske dichters yn ’e wike dat se yn Denemarken binne wurk oersette fan fjouwer Deenske dichters.
De útwikseling yn maart kriget yn 2020 in ferfolch, mei’t dan de tredde edysje holden wurdt fan it Aarhusiaanske ynternasjonale literatuerfestival: LiteratureXchange. Dy kear steane lytse talen en minderheidstalen sintraal en sil de dichtbondel, dêr’t yn maart in begjin mei makke wurdt, presintearre wurde.
