Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.
Hjir it gedicht dat Sigrid Kingma en Martsje de Jong as duo op Sânfurd foardroegen hawwe. De griene strofen binne fan Sigrid, de swarte fan Martsje. Oan de ein sit in ferwizing nei de dichteresse Rixt en in stikje fan it ferske ‘Meunster yn Starum’.

Sânfurd – Zandvoort oan it Hop
Flessepost
Glimmer yn de sinne
op de oerflakke fierte
ik draach myn wurd oan dy oer
hoe iroanysk
it papier dêr’t myn libben
oan oerlevere is
past yn in lege flesse
Wat songen de minsken doe
Sliep sêft myn berntsje, en,
heit is dêrbûten op ’t skolp’rjende wiet
breawinning wie it, gjin fertier
wenplak, wurkplak, gauris rêstplak
ûnthjit en driging tagelyk
It bist glimket – altyd
tosken as klauwen
hapt it yn in ferstoarne seemearmin
in ferhaaltsje foar it sliepen
alle grip op lân
ferwurdt yn de fisklucht
benimt de tins oan thús
slacht del en klapt kopke-ûnder
wetter, we kinne der net in dei sûnder
mar wat sa leaflik eagje kin
bliuwt likegoed net te fertrouwen
de wiere aard bestoppe ûnder in pokerface
blakstil, peilleas, net te bedjipjen
oant in lytse huvering de spegel brekke lit
stikken is de yllúzje fan de werklikheid
Altyd siket it nei
it ritme fan de siken
net om yn de maat
ta te slaan
it meunster wol boartsje
kitelet my ûnder de fuotten
net dwaan, net dwaan
mar nei in hoartsje
wille jaan
wurdt sinne alwer skaad
slaan seilen út ’e liken
rekket alle skientme wei
it byt yn iepen plakken
ik fiel it spielen om ’e ankels
lit my alhiel oerstreame
mar jou my noch net oer
wachtsje op dyn wurden
dy’t komme, komme, kom
No stiet it skom op ’e boech
de bemanning
mei in tou om ’e mêst knope
hopet op lân yn sicht
weagen skuorre alderheislikst
komme grûn en guod tenei
alles fan wearde is te licht
it wetter wreket dy’t tefolle nimt
lit dan like hurd
ek har sêfte kant wer sjen
It bern winkt ûnwennich
mei beide eagen ticht
nimt wat moais mei
kelpstringen yn ’e teisters
lokket, lûkt dy oan de pinken mei
Grapjaget mei de flesse
pielt mei de neilen oan ’e koark
smyt omheech, lit ûndergean
broazelet en brekt
set as in poppe
de lippen om ’e hals
slommeret swiet, mar wa past op?
Salang’t it meunster
net as keunstner springt
troch de gouden hoep
krûp ik yn har skûlliif
weagjende wetterwurden
wurde wei yn diksap
see yn de skulp
wetter yn ’e earen
sâlt yn ’e eagen
It kin net alles lije
boartersplak, skûlplak, stoartplak
mûnen, oalje en konteners
feilich achter dyk
yn in leechfiske see
Driuwende wurden yn flessepost
dobberje sêft op alles fan wearde
licht as kelp yn de teisters fan it bern
dat mei hoannepoaten skriuwt
wa fynt myn rop
ferpakt yn in pakket
fan konsumearre distilleard
wa binne myn maten
op dy wylde feart?
De weagen, de weagen dêr komt der wer ien. Glimmer yn de sinne
De weagen, de weagen, dêr komt der wer ien. Wêr glimket er hinne?