Op 1 Septimber 2018 wiene Tsjisse Hettema, Cornelis van der Wal en Geart Tigchelaar aktyf as Dichters fan RIXT by de Pauperfontein yn Drachten. Tsjek de foto’s, makke troch Geart Tigchelaar (syn kamera).






Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
Op 1 Septimber 2018 wiene Tsjisse Hettema, Cornelis van der Wal en Geart Tigchelaar aktyf as Dichters fan RIXT by de Pauperfontein yn Drachten. Tsjek de foto’s, makke troch Geart Tigchelaar (syn kamera).





Trije dichters fan RIXT, te witten Tsjisse Hettema, Cornelis van der Wal en Geart Tigchelaar lêze yn it ramt fan it Draitferstival op 1 septimber foar by de Pauperfontein.
Lokaasje: Winkelsintrum de Drait yn Drachten.
Ofrûne wykein wie de Fryske poëzy goed fertsjintwurdige by de ienentweintichste ôflevering fan Dichters in de Prinsentuin yn Grins. Dat begûn sneon al op it sfearfolle Theeveld en yn de Loofgangen mei optredens fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga. Sneintemoarn stie it festivalprogramma alhiel yn it teken fan Fryske dichters. In grutte groep poëzyleafhawwers sammele har op it binnenplein fan it Skipfeartmuseum foar in Fryske-Brunchkuiertocht. Elmar Kuiper, Gerrit de Vries en Syds Wiersma iepenen dêr de kuiertocht. Se makken it dek fan it skûtsje Alida ta har poadium. Dêrnei waard Reid-Wurd-Wyn, de nije Font-film fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp, yn it Skipfeartmuseum fertoand. Spitigernôch moast Hettinga him siik ôfmelde foar syn koarte ynlieding oer de steat fan de hjoeddeiske Fryske poëzy. Yn stee dêrfan ynterviewden Kuiper, De Vries en Wiersma elkoar oer har dichterlik krewearjen. Op de Grutte Merk wie Geart Tigchelaar doe al dwaande mei de warming-up foar syn dichtersbattle mei de Grinzer dichter Myron Hamming. Tigchelaar, dy’t hope hie op in flugge knock out, wûn it gefjocht neffens de Rotterdamse skiedsrjochter Dean Bowen, úteinlik op punten. De Fryske brunchkuier einige yn de Prinsentuin mei kliemske sûkerbole en The Siskins, in nij oersetters-sangerstrio mei û.o. Friezinne Klaske Kamstra. Neidat Arjan Hut it publyk op it Theeveld soel heupwidzje liet op fersen út syn bondel Aurora Bossanova, treden de neamde dichters middeis op yn de Loofgangen.
De foto’s binne snein makke troch Ydwine Scarse en Geart Tigchelaar





1 maart 2018
Dizze wike net folle managers op ‘e perrons. De measten sitte grif yn ‘e snie of yn ‘e sinne. Foar Tsjisse Hettema oanlieding om in gedicht te skriuwen oer dy ûnsichtbere managementlaach yn hast elk bedriuw of ynstelling. Tsjisse: ‘Yn de soarchsektor wurdt der al hieltyd tsjin iggewearre. Mar dêr hawwe se der ek nije inisjativen út ûntstean sjoen mei hast gjin backoffice mear en mear oandacht foar de kliïnten. Dat it kin gelokkich ek oars.’

OP DE PERRONS
op de perrons hastige minsken
nei de útgongen
earen klam tsjin de holle
plakt
gjin feestgongers
dy’t har lêste drinkliet
ferwaaie litte
mei gemak tilt de trein
har
it etos yn
fan de boargerplicht
soest se
even de earen
de tearen
út de aktetaskes
yn de aktetaskes
it gemiddelde fan
in útdaging
of nei ôfrin even
daging smoar
© Tsjisse Hettema