Foarby

Noch in nij gedicht fan Rein de Lange.

Foto: Rein de Lange

Foarby

de kachel jout súntsjes har waarmte frij
kâlde rein tikket treurich sankjes
tichte kleden ûntnimme elts klear sicht
ik sit yn de hurde stoel dêr’t heit
ea hiel syn wrâld oerseach, mem
mimerjend surrogaattee ynskonk
de âldeklonje draacht de romte
de klok nimt jit harren tiid
mar it oertallige is ynpakt
feroaring hinget oer it hiem
en yn ’e fierte it net te ûntrinnen lûd:
foarby, foarby

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *