Yn alle states

Sigrid Kingma is de moannedichter fan july 2024 by RIXT. Har tredde moannegedicht is Yn alle states.

Yn alle states

Wat wieste noflik
koest it moai opsizze
somtiden fier fuort
in stadige tinker
en it ljocht datst de oar
yn de eagen net gundest
kaam dochs troch it gerdyn
Do wiest maklik
hurd hurd wie net dyn styl
likemin as elkenien betsjinje
en ik hold inkeld echt fan dy
as ik myn sin krige
mar no’tst op stjerren leist
sis ik it mar planút
Ik ha dy nedich
do simp, do slûge
hoe hast dysels net rêde kind
fynst it gek dat elk altyd sa gau
har nocht fan dy hat?
Hie ik in gewear nimme moatten?
Al dy engnekken omlizze
it hert trillet dy
as ik mei de jiske fan boaze tinzen strui
tuike tuike, hawar, hawar
dyn taal demintearret
Wat wiest noch jong
in grutte twifelkont, dat wol
drege skiter, suertsje
dochs, ik sil hiel earlik wêze
ik seach it net oankommen
Dach leave demokrasy.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *