The lone poet

Syds Wiersma is dichter fan de moanne juny. Hy hat yn april-maaie troch Ierlân reizge en dêr poëzy skreaun. By RIXT publisearret er no in pear fersen dy’t geane oer bysûndere bergen dy’t er oan de westkust fan Ierlân beklommen hat. It earste gedicht The lone poet giet oer de Nephin, de heechste stand-alone berch yn Ierlân (806 m). The Nephin leit oan de westkust yn county Mayo, boppe de stedsjes Westport en Newport.

The Nephin

 

The lone poet
North Mayo, the Nephin

De âlde, drôve dichter sliept meastal,
in stand-alone dy’t hearsket as er wol.
By ’t wekker wurden knypeaget er koart,
bisto it dy’t er sjocht, dan slacht syn wurd
dy mei de macht fan hazzenutehout.

De âlde dichter hat in hiel grut hert,
dat leit nei ’t noarden iepen yn it skaad
en brocht leau ’k nea in hillige omheech.
Hy is gewoan in mânske berch, wat dreech
fan aard mar wol de sit fan goademacht
en Connaughts keningen, en elvedracht.

Hy briedt al iuwen op syn lêste fers,
it moat in bytsje oars no, wiis mar dwers.
Hy skriuwt it nachts en sjocht dan achterom
en ropt syn muze en syn maat: Lough Conn,
in mer à boire dat bearzen foar him fong.
Is ’t dêrom dat syn rêch wat fiskich glimt
yn ’t ljocht dat jûns sa fier út see wei skynt?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *