Nije roman Ina Schroders-Zeeders

Ina Schroders-Zeeders hat in nij avontuereroman: De Brandarispoort – De kracht van de liefde.

In spannend boek oer trije generaasjes archeologen dy’t harren dwaande hâlde mei in tige mysterieus geheim….

Archeolooch Adriaan van Buren docht yn 1967 in bysûnder nijsgjirrige ûntdekking op Skylge, dy’t hy lykwols net mei de bûtenwrâld diele kin. Yn de jierren dêrnei hâldt it mystearje fan de Brandaris him mar dwaande. Wat is de konneksje mei n grit yn Egypte en in ruïne yn Italië? Ek nei dyn dea libbet de fraach by syn famylje, mar de leafde liket sa no en dan it msyearje nei de eftergrûn te ferdriuwen. Dochs blykt de leafde krekt de kaai te wêzen dêr’t syn dochter en pakesizzer doarren mei iepenje kinne. Bytsje by bytsje wurdt alles dúdlik, mar dan stiet it neiteam foar in ûnfoarstelber dilemma.

De Brandarispoort – De kracht van de liefde. is útjûn troch útjouwerij De Pinne, te ferkrijen by de boekhannel en online foar 20 euro.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *