Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT. RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.
Op woansdei wiene Edwin de Groot en Arjan Hut op de Arke. De dei is fold mei goede petearen oer it dichtsjen, besprekken fan poëzy en it libben. It resinte ferstjerren fan Tsjisse Hettema droegen hja mei harren mei. In middei dy’t in oare ynfolling krigen hat as de foargeande dagen, mar nettsjinsteande is der in siedsje plante foar letter.


