Wurden fan Timo, skreaun troch Tialda Hoogeveen, in boek foar skoaljier 2020/2021 foar LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
Wurden fan Timo is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener, dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat se vmbo-eksamens dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou en freonskip en ferbining fia muzyk.

Cedin ûntwikkelet der lesmateriaal by. Fierders is it liet In your Light fan Jon Allen oerset nei it Frysk troch Jelle Bangma, komponearre as Yn dyn ljocht troch Sytse Broersma en songen troch syn dochter Lotte. Monique Vogelsang hat it boek foarmjûn op in wize dy’t goed past by jongerein.

