Hjir folgje twa gedichten dy’t Heitelânsdichter en Rixt-dichter Tsead Bruinja skreau nei oanlieding fan de oanslach yn Christchurch en de deadlike sjitpartij op it 24 Oktoberplein yn Utrecht. De Fryske oersettings binne fan Geart Tigchelaar en Syds Wiersma. ‘Zijn we er klaar voor’ waard publisearre yn de NRC. It stiet ek op Tsead Bruinja syn webside, lykas it twadde gedicht ‘En dat kan maar de wereld is veranderd’.
BINNE WY DER KLEAR FOAR kinst der gjin kelder mei blikfoer foar folje it is gjin wat as se komme want se binne der al en se binne ûnder ús slimmer noch wy binne it sels en it is de smoarchste kant fan ússels dy’t fan inerlike striid in iepenbier striidtoaniel meitsje wol as soe de ferlossing bûten ús lizze en in hân om de kiel fan ’e fijân of dyn pik djip yn de ûnwillige skoat fan in oar ferromming biede mar dy fijân hat famylje en dy famylje hat ynternet en oeral witte se dy te finen en oars dyn famylje wol ofst no foar gek ferklearre wurdst of net se starte de hate opnij op hy mei noch in kear nei dit rûntsje hâldt er op wier ôfpraat yn it abattoir spuitsje se net langer de muorren skjin © Tsead Bruinja Oersetting: Syds Wiersma, Geart Tigchelaar
EN DAT KIN MAR DE WRÂLD IS FEROARE wiuwst dyn frou út wiuwst dyn man út stjoerst dyn bern nei skoalle ta en ferwachtest har sûn en wol werom dat komt it berjocht lockdown swart op ’e strjitte net ien mear nei bûten ta net ien mear nei binnen ta doarren ticht skrolst en ferfarskest de side tinkst wie er mar op ’e fyts gien hie er dy tram mar mist en draafst en sikest beskûl en fregest dy ôf haw ik tsjin har sein wat ik sizze woe dat se myn wrâld is stjoerst in appke mei oan ’e ein in smiley mei tútlippen ferwachtest in reaksje mei in hertsje op itselde plak ferwachtest dyn frou dyn bern dyn man nei dizze lange dei kjel en geef sûn en wol yn dyn earms werom © Tsead Bruinja Oersetting: Geart Tigchelaar, Syds Wiersma

