Feroaring

Aukje-Tjitske is dichter fan de moanne Jannewaris 2026 by RIXT.
Se set it gedicht ‘Feroaring’ út har bondel Geosmine (2025) yn it moanneljocht:

‘As ik it nijs folgje, krij ik gauris pikefel en langje ik nei feroaring. Dêr giet dit fers oer. Ik moast dêrby ek in bytsje oan it gedicht ‘De rop om Doede’ fan Hidde Boersma tinke en de moaie opbou yn it gedicht ‘Wer net’ fan Harmen Wind. En fansels foaral oan it flintereffekt. It moaie oan dat effekt is dat lytse dingen derta dogge en feroaring teweech bringe kinne, ek al fielt in inkelde stap faak sa lyts en sinleas. Ik tink dat der mear minsken langje nei feroaring, mar hokker feroaring dat krekt wêze moat, is noch net sa dúdlik.’


Feroaring

it begjint mei in sigentsje
datst allinne mei de lippen heine kinst
foar’st it witst, blaast it fuort
mar mei in flinterke gelok
wurdt it in twirre
in brekking in heal idee

as it oanboazet ta in flaach,

silst it sjen oan ‘e beammen
sil it oer dyn wangen aaie
groeie ta in pûst in wyn
in oertsjûging dy’t minsken fynt
tûken hieltyd hurder swaaie lit

en dan – in net te hâlden stoarm
dat fluitet om dyn oandacht
dy de siken benimt dy bespringt
alle eangst fuortblaast
dy de kop wer skerp raast

it sil oer de seeën bolderje
alle lannen kriten nij dwaan
oer woastinen bosken prairies jeie
sjonge dûnsje dichtsje
oarloch dien jaan
al it kromme rjocht draaie

de fraach is no:
hokker flinter ha wy nedich
hokker wjukslach

Ut:
Geosmine; gedichten van een geurende aarde (2025)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *