Aukje-Tjitske, stedsdichter fan Terneuzen, is moannedichter fan jannewaris 2026 by RIXT. ‘Net brekke’ is har earste moannegedicht.

Net brekke
Der brekt hjir neat
ik wol gjin diggels fiele
lymje alle stikken
dyn hert dyn fuotten
dyn holle dyn eagen
benammen dyn eagen
Der brekt hjir neat
ik wol gjin barsten hearre
gjin lang piipjen
fan in sikehûsmonitor
Praat leaver
fan in ûnderbrekken
in ûnderbrutsen steat
dy’t aanst – as ik myn eagen iepen doch
gewoan wer mei dy fierder giet

